Man rydt rút oan diggels

12 apr 2010 - 09:46

In 42-jierrige man út Appelskea is sneintemiddei trochriden nei't er tsjin in rút fan in pân oanriden wie. In tsjûge joech it sinjalemint en kenteken fan de man troch oan de plysje. Dy hâlde de man thús oan.

De man is meinaam nei it buro. Dêr die bliken dat er tefollen dronken hie en dat it rydbewiis fan de man ûnjildich ferklearre wie. Der is proses-ferbaal opmakke foar riden ûnder ynfloed, trochriden nei in ûngelok en foar in ynfoardering fan it rydbewiis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)