Man rydt op parkearwachten yn

11 aug 2011 - 14:46

In Ljouwerter (35) is woansdei ynriden op twa parkearwachten yn Hilversum. De kontroleurs hiene in bekeuring útskreaun omdat de man de auto op in laad- en losplak delset hie. Hy waard doe sa lulk dat hy mei de auto besocht op de kontroleurs yn te riden.

De man rekke hjirby ferskate auto's op it parkearterrein foar Gooiland. Dêrnei flechte de man de auto út. Hy koe letter oanhâlden wurde by it sintraal stasjon fan Hilversum. Hy wurdt freed foarlaat oan de rjochter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)