Man rydt motor oan en bedriget frou mei mes

04 jul 2015 - 10:48

In 39-jierrige man út Surhústerfean is freedtenacht oanhâlden, nei't er earst in motorrider oanriden en dêrnei syn frou mei in mes bedrige hie. In 44-jierrige motorrider woe op de Koop Kuperswei in oprit opride en remme ôf. Hy waard fan achteren oanriden troch de 39-jierrige automobilist, dy't dêrnei hurd útnaaide. In tsjûge joech it kenteken troch oan de plysje.

De plysje krige letter in melding dat in frou mei in mes bedrige wie troch har man. Bliken die dat it om deselde man gie dy't earder de motorrider oanriden hie.

De man sit fêst foar fierder ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)