Man rydt mei bankstel op dak

31 des 2013 - 11:30

In 29-jierrige man fan De Lemmer is moandeitejûn beboete om't er mei in bankstel op it dak fan syn auto op de A7 ried. De plysje krige in melding dat der in auto mei lege snelheid oer de sneldyk ried. Op de parkearpleats by Aldehaske waard de automobilist kontrolearre. Doe die bliken dat de Lemster boppedat gjin rydbewiis hie. Hy krige in boete foar beide oertredings en moast syn auto stean litte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)