Man rydt klaksonnearjend oer parkearterrein Drachten

09 sep 2015 - 07:37
  • Rydbewiis

In 21-jierrige man út Surhústerfean hat tiisdei syn rydbewiis ynleverje moatten neidat er ûnfeilich rydgedrach fertoande. Hy ried op hege snelheid en mei piipjende bannen en klaksonnearjend oer it parkearterrein by in supermerk oan de Oude Nering yn Drachten.

In plysjeman dy't dêr yn syn frije tiid wie, hat de man oansprutsen en syn rydbewiis ynnaam. De fertochte wie it der net mei iens en is nei it ynsidint yn syn auto fuortriden. Ek dêr hat er in proses-ferbaal foar krigen. De ynwenner fan Surhústerfean is gjin ûnbekende fan de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)