Man rydt ferkearsregelder oan

26 sep 2008 - 10:42
  • lilke man rydt ferkearsregelder oan

Op De Jouwer is tongersdei in ferkearsregelder (42) oanriden troch in taksybestjoerder. De man (32) út Skarsterbrêge wegere om de oanwizingen fan de ferkearsregelder op te folgjen.

Se krigen wurden en de regelder woe de plysje belje. Doe seach er hoe't de lilke man mei syn auto hurd op him ôfriden kaam. Hy sprong oan de kant, mar waard noch krekt rekke oan de knibbel. De fertochte is fuortriden, mar is letter oanhâlden. Hy bliuwt twa wiken fêstsitten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)