Man rydt auto ûnder ynfloed fan GHB en mei skonk yn it gips

18 jul 2015 - 13:04

In 31-jierrige bestjoerder út Utrecht is freedtejûn troch de plysje fan de A6 helle. De man wie swier ûnder ynfloed fan GHB en boppedat hie er syn rjochterskonk yn it gips. Neffens de plysje kamen der in soad telefoantsjes binnen oer it gefaarlike rydgedrach fan de man.

Hy slingere oer de A7 en de A6 en reagearre net op stoptekens fan de plysje. Dy hat de man by Dunegea klemriden. It rydbewiis fan de man is ynnaam en der is proses-ferbaal tsjin him opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)