Man rydt 78 kilometer yn 'e oere te hurd op de Drachtsterwei

12 jan 2015 - 06:15

In 47-jierrige man út Bussum is sneintejûn syn rydbewiis kwytrekke om't er op de Drachtsterwei yn Ljouwert 78 kilometer yn de oere te hurd ried. De mjitting fan de plysje kaam út op 128 kilometer yn de oere, wylst op dizze dyk mar 50 kilometer tastien is.

Earder op de dei betrape de plysje ek al in hurdrider op de Ofslútdyk. Dêr ried in 56-jierrige man goed 40 kilometer yn de oere te hurd. Om't de man ek in bern yn de auto sitten hie, hat de plysje ek in soarchmelding dien by jeugdsoarch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)