Man rint mei grut fleismes om

18 nov 2010 - 10:02

De plysje hat woansdeitemiddei op de Voorstreek yn Ljouwert in 45-jierrige man oanholden omdat er mei in grut fleismes oer strjitte rûn. De Ljouwerter wie wat yn 'e war, nei alle gedachten omdat er dronken wie.

By syn oanhâlding fûn de plysje noch in twadde mes yn de broeksbân fan de man. Hy sei dat er de twa messen stellen hie by in winkel. De fertochte hat proses-ferbaal krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)