Man riidt troch mei skea

26 aug 2010 - 10:07

De plysje yn Drachten is op syk nei in automobilist dy't woansdeitejûn let tsjin in wurkferkearauto riden is dy't mei in pylk oanjout dat der oan de dyk wurke wurdt. Dat barde op de A7 by de ôfslach nei it sintrum fan Drachten, dêr't fanwege de wurksumheden mar ien rydstrook beskikber wie, In oanriding wie it gefolch.

De automobilist is wierskynlik mei in swier skansearre auto trochriden. De plysje komt graach yn kontakt mei tsjûgen fan it foarfal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)