Man rekket ûnder it pún

11 okt 2011 - 14:03
  • It bedriuw van Gansewinkel (foto: Anton Kappers)

In man is tiisdeitemoarn yn Drachten licht ferwûne rekke doe't er ûnder it pún kaam. It slachtoffer is sjauffeur fan in trekker mei oplizzer en soe by in bedriuw oan de Stuurboord pún lade. De man gie yn de oplizzer stean om te sjen oft de boel goed lei, doe't in oar fan de grûn ôf ynienen al begong mei it stoarten fan it pún.

It slachtoffer krige it pún oer him hinne. Ambulânsepersoniel hat de man ûndersocht, hy hoegde net mei nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)