Man rekket rydbewiis kwyt nei ûngelok op de A7

15 jul 2015 - 10:54
  • Rydbewiis

De plysje op 'e Jouwer hat tiisdeitemoarn it rydbewiis fan in 44-jierrige automobilist út Akersloot ynnaam om't de man mei drank op achter it stjoer siet. De bestjoerder rekke mei syn auto fan de dyk op de A7 by de ôfrit Joure-West. Syn auto rekke swier skansearre.

De man waard foar kontrôle nei it sikehûs brocht, mar dêr die bliken dat him neat mankearde. Dêrnei koe hy fuort troch nei it plysjeburo foar in blaasproef. Dêr die bliken dat hy tefolle drank op hie. Hy krige in rydferbod en der is proses-ferbaal tsjin him opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)