Man rekket ferwûne nei fjochtpartij yn Grou

17 sep 2015 - 12:42

In 54-jierrige ynwenner fan Grou is woansdeitejûn yn it sikehûs bedarre nei in fjochtpartij op de Stasjonswei yn syn wenplak. De man wie op syn fyts efter in jonge oangien dy't koart dêrfoar by in supermerk fjoerwurk ôfstutsen hie. Nei't it slachtoffer de jonge achterhelle hie, kaam it ta fjochtsjen.

In 21-jierrige freon fan de 15-jierrige jonge bemuoide him hjir ek mei. It slachtoffer krige sokke hurde klappen dat er op strjitte lizzen bleau. Hy is mei in ambulânse nei it sikehûs brocht. De twa fertochten binne oanhâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)