Man rekket ferwûne by fjochtpartij

22 nov 2015 - 14:17

Yn Ljouwert hat de plysje sneontenacht in man (27) en in frou (20) oanhâlden. It duo wurdt fertocht fan mishanneling. Meiwurkers fan kameratafersjoch seagen in fjochtpartij op it Reigerplein. Doe't de plysje dêr kaam, stie dêr in Grinzer mei ferwûnings oan de earm. Hy woe net sizze wat der bard wie.

Op de kamerabylden wie in fjochtpartij te sjen. Op basis fan it sinjalemint koe de plysje it duo letter oanhâlde. De plysje ûndersiket noch wat der krekt bard is. It slachtoffer is nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)