Man rekket ferwûne by bedriuwsûngelok yn Harns

19 des 2015 - 12:33
  • Helpferlieners by fleisferwurker Selekt Meat yn Harns

By in eksploazje by fleisferwurker Selekt Meat yn Harns is sneontemoarn in man ferwûne rekke. Hy wie dwaande mei elektrawurksumheden by it bedriuw. Dêrby gie wat mis en fleach in transformator yn brân.

It slachtoffer rûn brânwûnen op oan syn hannen en oan syn gesicht. Hy is oerbrocht nei it Martini-sikehûs yn Grins.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)