Man rêden fan ferdrinking

21 jul 2010 - 11:42

In man (40) út Starum is tiisdei út it wetter rêden. De plysje krige in melding fan in reanimaasje op it strân oan de Foarstrjitte yn Starum.

Doe't de plysje kaam, waard de man al reanimearre. De man wie net goed wurden by it swimmen. Syn freondinne rôp om help. Fjouwer minsken reagearden. Se hellen de man, dy't bûten westen wie, út it wetter. Hy azeme net en hie gjin hertslach. Ien fan de rêders, in frou (45) út Wormer, hat him mei sukses wer bybrocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)