Man ramt motors mei trike

29 aug 2004 - 16:09

In ynwenner fan Assen hat sneontemiddei yn Appelskea foar flinke skea soarge oan in stel motorfytsen. De man besocht mei in hierde trike fuort te riden fan in parkear-terrein oan de Broerestreek. Hy joech te folle gas en ferlear de macht oer it stjoer. Hy ramde 5 motorfytsen, riid oer in stek en in stel blombakken en kaam tsjin de muorre fan in restaurant ta stilstân. Der rekken gjin minsken ferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)