Man pleegt oerfallen mei mes

17 des 2006 - 16:41

In ûnbekende man hat sneon yn Ljouwert op twa plakken besocht in oerfal te plegen. Oan 'e ein fan de middei kaam de man in winkel oan de Alde Easterstjitte binnen en easke mei in mes yn de hân jild fan de eigneresse. De frou wist de man troch sterke taal de winkel út te krijen.

Efkens letter besocht de man it noch in kear yn in hoarekabedriuw oan de Foarstreek. In meiwurker pakte lykwols sels ek in mes. De oerfaller naaide út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)