Man pakt nei efterfolging

30 okt 2014 - 07:02
  • Plysje

In 44-jierrige ynwenner fan in doarp by Boalsert is woansdei nei in gefaarlike efterfolging oanhâlden. De man wist ferskate kearen lâns in blokkade fan de plysje te riden. In plysje koe derby krekt op tiid oan de kant springe. De man waard moarns mei syn buske oan de kant set by in kontrôle oan de Eekwerdleane yn Boalsert. De man hie noch straffen iepenstean, moast noch belesting betelje en ried yn in ûnfersekerde en net keurde auto.

Doe't de plysje sei dat de bus yn beslach naam waard, slute de man him op yn de auto en naaide fia de stoepe út. De man negearde stoptekens en ried troch read ljocht. By Skraard waard de man oan de kant setten. Syn rydbewiis en bus binne yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)