Man pakt mei 1200 euro boete

13 nov 2012 - 14:06
  • Plysje

By in kontrôle op de Ofslútdyk by Breesândyk hat de maresjesee moandeitejûn in 42-jierrige man oanhâlden. Hy ried yn in auto mei in Dútsk kenteken en hie noch foar 1200 euro oan ferkearsboetes iepenstean. De autobestjoerder waard frege dat bedrach kontant te beteljen. Om't er dat bedrach net by him hie, waard er meinommen nei it buro. Hy sit noch altyd fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)