Man pakt jild út kassa pomp

22 jan 2011 - 14:34

De plysje siket in man dy't freedtejûn om acht oere hinne jild stellen hat út de kassa fan de benzinepomp oan de Harnzerstrjitwei yn Ljouwert. De man kocht earst wat snobbersguod. Letter kaam hy werom om in pakje floei te keapjen.

Doe't de meiwurker de kassa iepene, die de man in greep yn it laad. Hy helle der papierjild út en naaide út. It giet om in man fan 25 oant 30 jier, mei in swarte jas oan en in Noarske puntmûtse op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)