Man pakt frou by de kiel

06 jun 2010 - 13:00

De plysje hat sneontejûn yn de Droppingstrjitte yn Ljouwert in 21-jierrige man út dy stêd oanholden foar bedriging. Neffens tsjûgen krige de man op in feestje spul mei syn freondinne en pakte hy har by de kiel.

Doe't in man tuskenbeide komme woe, bedrige de Ljouwerter him mei de dea. Dêrop waard de plysje warskôge. Dy hat de man meinommen nei it buro. Hy sit fêst foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)