Man pakt foar ynbraak auto's

23 des 2007 - 14:12

De plysje hat sneontenacht in Ljouwerter (32) oanholden foar stellerij. Der kaam in melding dat in karavan fernield wie. Doe't de plysjes oankamen, seagen se in man ûnder in bestelbus lizzen. Hy hie in skroeve- draaier en in life-hammer by him.

By de bestelbus stie in tas mei dêryn meardere autoradio's, in nepwapen en in luchtdruk-pistoal. De man hie yn twa auto's en in karavan ynbrutsen. De fertochte sit noch fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)