Man pakt foar twa oerfallen

06 nov 2012 - 10:09

De plysje hat moandei in 42-jierrige ynwenner fan Easterwâlde oanhâlden fanwege twa oerfallen yn De Haach. De man soe yn oktober twa supermerken oerfallen hawwe. Yn beide gefallen bedrige er it personiel mei in wapen en naam er jild mei út kassa's. Nei ûndersyk kaam de plysje út by de ynwenner fan Easterwâlde. Dy soe de oerfallen kombinearre hawwe mei famyljebesite yn De Haach. De man wurdt kommende tongersdei foarlaat oan de rjochter-kommissaris, dy bepaalt dan oft er langer fêstsitten bliuwt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)