Man pakt foar toanen 'saakje'

12 jul 2007 - 10:26

Yn Makkum is in man oanhâlden op fertinking fan it sjen litten fan syn 'spultsje' oan in pear famkes fan trettjin jier. De 44-jierrige Ljouwerter soe dat dien hawwe yn rekreaasjegebiet De Holle Poarte.

De man is troch befeiligingsmeiwurkers oppakt en oerdroegen oan de plysje. Hy is foar neier ûndersyk ynsletten. It insidint barde woansdeitemiddei. Tsjûgen makken der melding fan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)