Man pakt foar stellerij

30 des 2006 - 11:43

De plysje hat freed in 54-jierrige ynwenner fan Stiens oanholden foar winkeldieverij en bedriging. De man hie út in winkel yn Berltsum twa flessen drank meinaam, mar der mar ien betelle.

De eigner gong efter him oan. De man siet yn syn auto. Doe't de eigner him oanspruts, pakte de fertochte wat fan it dashboard en begong dêrmei te slaan. Dêrnei naaide er út. De plysje hat him yn syn hûs oppakt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)