Man pakt foar mishanneling

28 mrt 2010 - 15:11

In ynwenner (18) fan Damwâld is sneontenacht oanhâlden troch de plysje omt er in jonge (16) út de Westereen mishannele hie. Op de Foarwei hie it slachtoffer rúzje krigen mei in groep jonges. De fertochte soe dêrby klappen útdield hawwe.

Mei it sinjalement wie it foar de plysje net dreech út te finen wa't se hawwe moasten. De fertochte fytste de plysjeminsken foarby doe't se noch yn petear wiene mei it slachtoffer. Sa koe er maklik pakt wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)