Man pakt foar bedriging plysje

04 nov 2014 - 18:22
  • Plysjekontrôle

De plysje hat tiisdei in man oanhâlden, dy't dit wykein by in kontrôle yn De Westereen plysjes earnstich bedrige hawwe soe. De 48-jierrige man út Twizel siet as passazjier yn in auto. Doe't de bestjoerder in blaasproef ôflein hie en fierder ride mocht sprong de passazjier út de auto en bedrige twa plysjes. Dêrnei rieden de twa fuort.

De plysje slagge der yn de identiteit fan de man te achterheljen. Hy moat him meikoarten ferantwurdzje foar de rjochter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)