Man pakt foar bedriging

27 des 2010 - 10:37

In Ljouwerter (36) is sneontenacht op it Koeplein yn de haadstêd oppakt foar bedriging. In bewenner (28) waard nachts wekker fan leven foar syn hûs. Hy seach dat syn skûtel fernield wie. Der waard oanbelle en de Ljouwerter stie mei in mes foar de doar en easke de skûtel.

Doe't de bewenner de doar tichtdwaan woe, sloech de fertochte it rút fan de doar stikken. It slachtoffer foel en rekke ferwûne. De fertochte is meinaam nei it buro foar ferhoar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)