Man opsletten yn sportkantine

03 des 2005 - 16:33

De plysje hat yn de nacht nei sneon in 26-jierrige Ljouwerter befrijd, dy't opsletten siet yn in sportkantine oan de Avondsterwei yn syn wenplak. De plysje kaam de man op it spoar doe't it alarm fan de kantine ôfgie.

Neffens eigen sizzen wie de man ynsletten nei in trening. Om't de plysje de saak net fertroude, waard de kantinebehearder frege om te kontrolearjen oft de man wol lid wie. De behearder koe dat befestigje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)