Man oppakt oerfallen Snits

24 mrt 2009 - 16:46

De plysje hat tiisdeitemoarn betiid yn Nijlân in man oppakt foar in rige gewelddiedige oerfallen yn Snits. Nei acht oerfallen die de plysje ferline wike in tsjûge-oprop yn de media om de man te pakken te krijen.

De tips fan it publyk, mar ek yntinsyf resjerzjewurk, hat de plysje op it spoar fan de man brocht. Mear oanhâldings wurde net útsluten. Under ûndernimmers yn Snits lieden de oerfallen mei wapens ta grutte ûnrêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)