Man oppakt nei mishanneling

08 apr 2007 - 14:35
  • De fertochte is oanhâlden yn in wenning yn Ljouwert

De plysje yn Ljouwert hat dit wykein in 27-jierrige man út Delfzijl oanhâlden foar in strjitrôf yn de Murandstrjitte. De man hie dêr sneontemoarn mei geweld in ynwenner fan Ljouwert berôve.

De Ljouwerter rekke by de berôving sa slim ferwûne dat er oerbrocht wurde moast nei it sikehûs. De fertochte is letter yn in wenning yn Ljouwert oanhâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)