Man oppakt mei stellen brommer

11 okt 2009 - 16:04

Op de Grettingaleane yn Harns is sneontejûn in man betrape mei in stellen brommer. Hy foel op omdat de ferljochting fan de bromfyts wol hiel min wie.

By de kontrôle die al gau genôch bliken dat er net de eigner wie fan de brommer en de plysje hie al it idee dat er mei stellen guod op paad wie. Wylst se dêroer yn petear wiene, naaide de man ynienen út. Hy waard al gau fûn yn syn wenning en is meinaam nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)