Man oppakt foar ûnseedlikheden

15 maaie 2006 - 16:41

De plysje hat in 33-jierrige Ljouwerter oppakt om't er by it tunneltsje oan de Wâldwei, tusken Goutum en Wurdum, freed ferskate froulju lestichfallen hat. Hy liet syn geslachtsdiel sjen oan froulju dy't troch it tunneltsje fytsten. De man koe nei ferhoar wer nei hûs ta. De plysje hat fan ien frou in ferklearring opnommen, mar wol graach yn kontakt komme mei de oare froulju dy't lestichfallen binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)