Man oppakt foar tanken sûnder te beteljen

02 aug 2015 - 10:43
  • Tanke

In 53-jierrige man út Easterwâlde is sneontejûn yn it Drintske Hoogersmilde oanhâlden nei't er tankt hie sûnder te beteljen. Dat wie by in tankstasjon oan de Rijksweg. De plysje koe de man frij gau oppakke. Hy is ynsletten foar ferhoar en der wurdt proses-ferbaal tsjin him opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)