Man oppakt foar stellerij fan hout yn Drachten

24 sep 2015 - 12:01
  • Oanhâlding

In 22-jierrige Drachtster is woansdei oppakt foar stellerij fan houten platen yn syn wenplak. De plysje hie in melding krigen dat in man oer in stek klommen wie by in bedriuw oan De Drift. Dêr trof de plysje yndied de Drachster oan. Hy hie in oanhingwein fol mei houten platen achter syn auto.

De Drachtster hat de stellerij dêrop bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)