Man oppakt foar stellerij

18 aug 2013 - 09:58
  • Oanhâlding troch plysje

De plysje hat sneontemiddei op de Hollandiastrjitte yn Skarsterbrêge in man fan 33 út Drachten oanhâlden fanwege stellerij. De man soe in boat stellen ha en de boat mei tefolle drank op bestjoerd ha. Hij die dwers doe't er oppakt waard en misledige de plysje. De man is fêstset op it buro en der is in bloedproef bij him dien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)