Man oppakt foar stellen disel

26 maaie 2013 - 11:33

De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein in 20-jierrige Snitser oanhâlden. Dy wurdt derfan fertocht dat er disel út in frachtwein stellen hat. Dy stie parkeard op it terrein fan in bedriuw oan de Leidekkerstrjitte yn Snits.

De fertochte waard op 'e died betrape troch in tsjûge, dy't fuortendalik de plysje belle. Dy seach de man yn syn auto yn de Kolenbranderstrjitte. Hy is oanhâlden en ynsletten foar ûndersyk. Syn auto is yn beslach nommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)