Man oppakt foar mislediging

22 aug 2009 - 14:49

De plysje hat yn de nacht fan freed op sneon yn Ljouwert in 23-jierrige man út Hallum oppakt foar mislediging. Plysjes seagen dat der yn de Alde Doelesteech in rúzje oan de gong wie.

Doe't se ien fan de belutsenen dêroer oansprutsen, joech die in grutte mûle. Omdat er net ophâlde woe en ferfelend bleau, waard er oanholden. Hy waard oerbrocht nei it buro en ynsletten foar ferhoar. Hy hat proses-ferbaal krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)