Man oppakt foar mishanneling

28 des 2007 - 10:02

De plysje ûndersiket in swiere mishanneling fan in man fan 56 jier út Noardwâlde. In buorman soe him samar by syn foardoar út 'e hûs wei lutsen hawwe en him dêrnei skopt en slein hawwe.

It slachtoffer rekke sa slim ferwûne dat er nei it sikehûs ta moast foar behanneling. De 30-jierrige fertochte is thús oanhâlden. Hy sei tsjin de plysje dat de buorman him oanfoel doe't er by syn foardoar delrûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)