Man oppakt foar mishanneling

15 feb 2006 - 16:17

De plysje hat tiisdei in 21-jierrige ynwenner fan de gemeente Wymbritseradiel oanhâlden fanwege mishanneling. Hy wurdt derfan fertocht dat er yn de nacht fan freed op sneon in 17-jierrige jonge út Snits mei in glês stutsen hat.

Ut ûndersyk kaam nei foaren dat de man út Wymbrits nei alle gedachten de dieder is. De fertochte is meinaam nei it buro en sit noch fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)