Man oppakt foar mishanneling

27 nov 2011 - 10:24

De plysje hat sneontemoarn betiid in 20-jierrige Ljouwerter oanholden foar mishanneling. Tsjin fjouwer oere krige de plysje in melding dat de auto fan in man út Voorhout fernield wie. De man sei dat de fertochte syn fyts tsjin syn auto oansmiten hie. De bestjoerder stapte út om ferhaal te heljen. De passazjier fan de man belle yntusken de plysje.

Dêrop waard de fertochte lulk. Hy joech de man út Voorhout in klap, wêrtroch't it slachtoffer foel. De Ljouwerter naaide dêrnei út. De plysje koe him yn syn wenning oanhâlde. Hy is fêstsetten op it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)