Man oppakt foar fernielerij

18 apr 2006 - 10:04

In man fan 42 jier út de gemeente Weststellingwerf is sneitenacht oanholden om't er yn in kafee yn Noardwâlde de boel fernield hie. De fertochte skopte tsjin de meubels oan en smiet glêzen stikken.

De útbater fan de kroech frege de man fuort te gean, mar dat wegere er. Dêrop waard de plysje warskôge, dy't de man meinaam nei it buro. Wilens de rit nei it buro, skopte de fertochte in rút fan de plysje-auto stikken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)