Man oppakt foar brânstifting

13 jul 2011 - 11:24

De plysje hat tiisdeitenacht in 21-jierrige man út Drachten oanhâlden foar poging ta brânstifting.

Surveillearjende plysjeminsken seagen dat de man him fertocht gedroech by in hûs oan it Keatsfjild. Ut ûndersyk die bliken dat besocht wie brân te meitsjen yn in rige konifearen dy't om de tún fan it hûs hinne steane. Omdat de plysje de Drachtster dêrfan fertinkt is er meinommen nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)