Man oppakt foar brânstichting

24 jun 2014 - 10:26
  • Plysje

In 34-jierrige ynwenner fan Noardwâlde is yn de nacht fan moandei op tiisdei oanholden by syn wenning op fertinking fan brânstichting. De plysje krige in melding dat de man ôffal yn syn tún oan it ferbaarnen wie. De plysje kaam, mar fûn neat.

Koart neidat de plysjes fuortgien wiene, die bliken dat in stek yn de brân stie. Doe't de plysje weromkaam by de wenning, naaide de bewenner hurd út. Hy kaam werom neidat de plysje him ferdekt opsteld hie. De man sit fêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)