Man oppakt foar brânstifting

22 nov 2011 - 10:19

De plysje fertinkt in 47-jierrige ynwenner fan Nijeholtpea fan brânstifting. De man soe moandeitejûn syn eigen wenning yn 'e brân stutsen hawwe. Dat die er by in rûzje mei syn frou. De oproppen brânwacht hie de brân gau ûnder kontrôle, mar koe net foarkomme dat flinke skea ûntstie. De man is troch de plysje meinaam foar fierder ûndersyk.

De frou is ûnderbrocht by kennissen, se hat slachtofferhulp oanbean krigen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)