Man oppakt foar bedriging

28 feb 2011 - 14:13

De plysje hat sneintejûn yn Noardwâlde in 44-jierrige man út dat plak oanholden foar bedriging. De plysje hie in klacht krigen oer lûdsoerlêst troch de fertochte yn in wenning oan de Nieuwstraat.

Fuort nei't de plysje kaam, waard de melder fan de oerlêst troch de fertochte mei de dea bedrige. De plysjes besleaten doe de fertochte oan te hâlden en yn te sluten. Der is proses-ferbaal tsjin him opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)