Man oppakt foar bedriging

19 aug 2009 - 10:39

In Holwerter (22) is tiisdeitejûn op de Ljouwerterdyk by Hallum oanhâlden foar bedriging. De man siet as byrider yn in trekker mei in karre hea. In automobiliste (53) út Stiens ried achter de kombinaasje mar seach dy pas op it lêste momint omdat de ferljochting it net die. Se helle de trekker yn en gie in eintsje foar him op 'e dyk stean om de bestjoerder te wizen op de stikkene ferljochting.

De Holwerter pakte de frou doe by de kiel. De plysje naam de man dêrom mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)