Man op stellen scooter oanholden op It Hearrenfean

13 aug 2015 - 10:46

De plysje op It Hearrenfean hat woansdeitemiddei in man op in stellen scooter klemriden. De 25-jierrige fertochte ried op de Skoalstrjitte doe't er de plysje tsjinkaam en útnaaide. De scooter hie gjin kentekenplaten. De plysje koe de Hearrenfeanster op de Skippershôf klemride. Nei syn arrestaasje die bliken dat de scooter stellen wie.

De fertochte hie de brommer yn in oare kleur spuite. De fervebussen hie er noch yn syn tas. Dêryn fûn de plysje ek noch speed, GHB en ynbrekkersark. Al it guod is yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)