Man op stellen brommer oppakt

14 apr 2008 - 09:27

De plysje hat sneintenacht in Ljouwerter (29) oanhâlden yn syn wenplak op fertinking fan heling. De man ride sûnder helm op in brommer op it Ruterskertier. De plysje hâlde him dêrom oan.

Doe die bliken dat de man gjin rydbewys hie en dat it om in stellen brommer gie. Omdat de man sei dat er de brommer kocht hie, waard er oanhâlden foar heling en meinommen nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)